Uw zoekacties: Yn dat sykjen sûnder finen (rûch materiaal)

Yn dat sykjen sûnder finen (rûch materiaal) ( Fries Film en Audio Archief )

beacon
 
 
Erfgoedstuk
Titel:
Yn dat sykjen sûnder finen (rûch materiaal)
Maker:
Pieter Verhoeff
Samenvatting inhoud:
Tsjêbbe sit yn de dunen. Verhoeff freget him nei it dichtsjen, nei wat dat foar him betsjut. Tsjêbbe seit dat er dêrmei in ferhaal kwyt wol. Tsjêbbe hat in hekel oan definiearjende poëzy. Dichtsjen dogge jo net om de wrâld te ferklearjen (dêr binne oare dissiplines foar, as filosofy), mar om wat yn josels op te roppen. Tsjêbbe fynt dat in gedicht iepenbliuwe moat, iepen foar eigen ynterpretaasje. Hoewol’t minsken tinke dat hy allinnich hiele lange gedichten skriuwt, hat er ek koarte gedichten skreaun. Tsjêbbe fertelt in anekdoate oer Joast Halbertsma, dat er it hinnefoer bedobbe: ‘wy moatte der wat foar dwaan, dan sy ek’. Hettinga fynt ekspresje yn in lânskip hiel wichtich. Dat fielt hy yn it iepen lânskip om Burchwert hinne, mar ek op Flylân c.q. by de kust. Dreamerij is hiel wichtich yn syn poëzy: it is in reservoir fan bylden. Hoewol’t Tsjêbbe net sa’n soad sjocht, brûkt hy wol altyd de fisuele yndrukken fan doe’t hy noch wol sjen koe. (sjen vs. waarnimming). Tsjêbbe praat net graach oer syn blinens, hy fynt dat in fersmelling. It is gjin boarne foar syn dichterskip, sa’t minsken wol tinke (krekt as helje alle dichters harren ynspiraasje út it libbensleed). Ek fynt er dat je om it gedicht te begripen ynearsten neat oer de dichter hoege te witten. Verhoeff freget wat de see foar Tsjêbbe betsjut. It komt wer op de romtlikens. Dat Tsjêbbe in soad fotografyske termen yn syn gedichten brûkt hat, hat wol te krijen mei syn fermindere gesichtsfermogen. Verhoeff freget oft Tsjêbbe him no bylden yn de holle hellet. Hoe sjocht hy syn bern bygelyks? Hy hat se wol sjen kind doe’t se noch lyts wienen. No’t syn sicht minder wurden is, groeie de bern yn syn holle wol mei. Ek beskriuwings fan oaren oer hoe’t eat der útsjocht, ûnderstypje de byldfoarming yn syn tinzen.
Vervolg samenvatting inhoud:
Tsjêbbe zit in de duinen. Verhoeff vraagt hem wat dichten voor hem betekent. Tsjêbbe zegt dat hij daarmee een verhaal kwijt wil. Tsjêbbe heeft een hekel aan definiërende poëzie. Dichten doe je niet om de wereld te verklaren (daar zijn andere disciplines voor, zoals de filosofie), maar om wat in jezelf op te roepen. Tsjêbbe vindt dat een gedicht open moet blijven voor eigen interpretatie. Hoewel velen denken dat hij alleen heel lange gedichten schrijft, heeft hij ook korte gedichten geschreven. Tsjêbbe vertelt een anekdote over Joast Halbertsma die het kippenvoer begroef (‘wij moeten er wat voor doen, dan zij ook’). Hettinga vindt expressie in het landschap heel belangrijk. Dat voelt hij in het open landschap rondom Burgwerd, maar ook op Vlieland en langs de kust. Dromen zijn als reservoir met beelden heel belangrijk in zijn poëzie. Tsjêbbe is blind, maar gebruikt visuele indrukken uit de tijd toen hij nog wel kon zien (zien versus waarneming). Tsjêbbe praat niet graag over zijn blindheid, hij vindt dat een versmalling. Het is geen bron voor zijn dichterschap zoals mensen soms denken (alsof alle dichters hun inspiratie uit het levensleed halen). Om een gedicht te begrijpen, hoef je in eerste instantie niets over de dichter te weten. Verhoeff vraagt wat de zee voor Tsjêbbe betekent. Het gesprek gaat weer over ruimtelijkheid. De vele fotografische termen in zijn gedichten hebben te maken met zijn visuele handicap. Verhoeff vraagt of Tsjêbbe zich nu beelden in zijn hoofd vormt. Hoe ziet hij bijvoorbeeld zijn kinderen voor zich? Hij heeft ze nog kunnen zien toen ze klein waren. Tsjêbbe zegt dat zijn kinderen in zijn verbeelding meegroeien. Beschrijvingen van anderen over hoe iets eruit ziet, ondersteunen de beeldvorming in zijn hoofd.
Bronformaat:
Film digitaal
Kleur:
Kleur
Geluid:
Ja
Duur:
01:02:13 minuten
Collectie:
Literatuer yn Fryslân